Skiednis

It ûntstean fan de Halen.  
               
  As wy oer de Halen prate, bedoele we de sânrêch mei dêrop in tal sânkoppen, tusken Rinsumageast oan de westkant en Eastwâld oan  de oastkant.
It giet meinammen om de doarpen Ikkerwâld, Moarmwâld, Dantumawâld, Wâlterswâld, Driezum en Eastwâld. It ûntstean fan dizze sânrêch moat socht wurde yn de iistiden en dan meinammen de lêste iistiid.

Sa omtrint sûnt 1940 hat men de Halen ôfgroeven en oan de ferskate grûnlagen dy't dêrby oan it ljocht kamen, hat men sa'n bytsje ôflate kinnen wat der sa al yn de rin fan 'e tiid bard wêze moat.
     It moat sa'n 200.000 jier lyn allegear begûn wêze. It lâniis fanút it noarden wie op opskood oan't yn dizze kontreien. Gletsjers en iisrivieren fierden snie en iispaketten oan, wêryn 't sân, balstiennen en grind beferzen sieten. By it teien bleauwen dizze achter wylst it wetter fuortrûn nei de see. De ûndergrûn bleau ek net wat it wie by it opskowen fan de gletsjers. Dy waard om sa mar te sizzen opdrukt oer de wat fêstere liemlaach hinne en moat sa ûngefear it skiere begjin west ha fan de sânkoppen. De heechste punten binne omtrint sa'n 2,5 meter heech west. Yn de liemlaach fynt men by opgravings noch in soad balstiennen en grindstiennen dy't ôfkomstich binne út de Skandinavyske bergen. Achter de sânrêch wie in grutte beferzen iismar, wer't al it teiwetter hinne rûn. Sa moat ûngefear it gebiet ûntstien wêze oan de rânemar fan in gletsjer. It fiert te fier om alle prosessen dy't har hjirby ôfspile ha yn detail te beskriuwen. De ferskate ierdlagen jouwe dizze details ek net bleat en skreaune bronnen binne der allikemin fan.

 
    Neidat der in kimaatferoaring kaam en it waarmer waard, lutsen de iismassa's har werom sadat der wat groeie koe op de sânrêch. Ek de wyn krige frij spul sadat it sân opwaaie koe en hichten en dalen meitsje koe. Wy witte it net krekt allegear mar kinne wol betinke dat der oan dat frije spul fan de wyn in ein kaam doe't der in plantelaach groeide oer de sânrêch. Planten stjerre ôf en dêroerhinne groeie wer nije plantelagen en sa gie dat ieuwen troch, wol sa'n 200.000 jier lang. Sa ûntstie der in dikke feanlaach boppe op de sânrêch. Dêr koene fansels bisten en minsken op libje. Yn de iistiden wie bewenning net mooglik west, mar wol doe't it iis fuort wie en it klimaat milder. Op it fean groeiden beammen en strûken en dat is it begjin west fan ús "wâlden".


    By de hale ôfgravings binne op inkelde plakken fjoerplakken werom fûn. Wierskynlik binne dat fjoerhurden west fan omreizgjende rendierjagers, dy't sa'n 15.000 jier lyn troch dizze streken trokken. By de ôfgravings fan Kostverloren ûnder Wâlterswâld hat men in urnefjildtsje fûn. Dêryn bewarre men de jiske fan ferstoarne stamgenoaten yn in skier ferline. Wy witte fan út de tiid fan de evangeeljeprekers dat men in besite oan sokke heidenske plakjes ferbea omdat der ek altyd heidenske rituelen útfierd waarden. Dat ferbieden gie lykop mei drigjende boadskippen oer spoken, duvels en godferlittenens. Sa ûntstiene de nammen fan de spûkeleantsjes en is ek de namme Kostverloren ûntstien, wat earder "Godverloren" betsjutten ha moat.
    Op de hale ûnder Dantumawâld hat men ek noch wat oars oantroffen: in pingo of iisfiver. Der is spitigernôch neat fan oerbleaun. Een pingo is ûntstien út in marke dat oan't djip yn de grûn beferzen wêze moatten hat. Fanwege de dikte en djipte moat dat iis noch lang beferzen bleaun wêze. Dochs by it ûnteijen fan de omjowing moat dat iis loskommen wêze en nei boppe dreaun. Sadwaande binne dy pingo's tige djip wurden.



Behalve de urnen en de spoaren fan brânplakken as bewiis fan minslike aktiviteit út de oertiid binne der ek hjir en dêr lytse stikjes ark fûn: skraberkes, meskes, dolkjes, nurdeltsjes, pylkpunten en bilen. Achter de âlde iepenbiere legere skoalle fan eartiids oan de Haadwei hat men in wichtich tal fan dizze fynsten fan âlde kultuer dien.
    Al dizze stikjes âld ark wiene de heechstneedsaaklike ridskippen om te jeien, te slachtsjen, de hûden skjin te skraabjen en oanelkoar te naaien ta klean. De fjoerplakken soene dan de oerbliuwsels wêze kinne fan de plakken wer't it fleis roastere waard, wer't men himsels ferwaarmde en de nachten troch brocht. Fan fêste ferbliuwplakken binne gjin bewizen fûn, behalve dan inkelde pealgatten, dy't in oerbliuwsel fan in hut of sa wêze kinnen ha.
Bronnen: J.M. Minnema een searje krante-artikels út 1939 oer de opgravings fan himsels, Jan J. Broersma, Teunis E. Teunissen, Doederus J. Kamminga en skoalmaster Sjoerd E. Wendelaar Bonga út Dokkum.
Webside-artikel oer it libben en wurk fan J.M. Minnema fan Oebele Vries .Fêste bewenners yn de Wâlden.


    Ut terpfynsten witte wy dat de earste bewenners har hjir omtrint 800 jier f. Kr. delsetten ha op de opdreaune hichten oan de einen fan de prielen en streamkes, wertroch it seewetter himsels weromluts by eb. Dêr oan de einen op dy hichten wenne men betreklik feilich tsjin it opkommende wetter twa kear deis. Al nei gelang der befolkingsútwreiding plak fûn fêstigden har minsken op al mar mear fan dizze hichten, ek tichter nei de mûnings ta. Trochdat it hússmoargens en de dong op dizze wenhichten bleau, waarden dy alear heger. Neist dizze net-plende ophegings fûnen der ek wol bewuste ophegings plak omdat it seewetter guontiden gefaarlik tichtby kaam. De terp fan Hegebeintum berikte sa njonkenlytsen in hichte fan hast 9. m. boppe NAP. Hoewol de measte terpdoarpen oan de noardkant fan it Dokkumer Djip ûntstiene, kamen der ek inkelde terpdoarpkes oan de súdkant fan it Djip.
    Ut oantekenings fan û.o. it kleaster Fulda binne bekinde terpen: foar it jier 800 Ringesheim, foar it jier 1000 Waltheim, 1230 Dresum, 1309 Donthim, 1423 Ackera en  Murimaterpen (3 terpen). Dizze terpen binne hast allegear fergroeven nei 1840 en de fruchtbere ierde is ferkocht en ôffierd. Allinne fan de Driesumerterp is noch wat oer. Der binne foldwaande oanwizings om oan te nimmen dat de Cisterciënzer mûntsen de terp Ringesheim oernaam ha en omfoarme ta de kleasterterp Claercamp. De eardere terp Walthim is krekt allyk omfoarme ta in kleasterterp: de berg Sion. Bewenning op dizze lytse terpkes wie mar oan't op sekere hichte mooglik en al nei 't der mear minsken kamen moast men omsjen nei mear wenplak of oar wenplak. Sadwaande waarden de terpen boppe it Dokkumer Grutdjip hieltyd grutter en heger makke.


    De terpkes ûnder it Grut Djip ûndergiene dy oanpassings net, omdat men blykber oar wenplak fûn fia de koartste ferbings nei de hegere sânrêch fan de "wâlden" ta. Sadwaande ûntstie der in oanienskeakeling fan bewenning op dy sânrêch, by ien lange ûntginningsas del: de Foarwei fanôf Driesum oan 't Rinsumageast ta. Miskien is dêrfoar noch in ûntginningsas west by de Achterwegen del, mar dy kin ek letter ûntstien wêze. De doarpsnammen foar dy nije delsettings waarden ôflaat fan de oarspronklike terpkes wer't de bewenners weikamen en krigen as taheaksel "geast", "gast" of "wâld": Ringesheim-gast, Ackera-wâlde, Murima-walde, Donthim-walde, Walthim-walde. Yn Driezum wie de sânrêch sa smel dat der gjin "wâlde" taheakke waard. Der wie gjin fêste stavering dus de útspraak en skriuwwize kin men alle kanten mei op.


    De earste bewenning hjir yn de wâlden moat dan sa omtrint tusken 500 en 1000 nei Kr. ûntstien wêze en plakfûn ha fanôf dizze terpkes. Terp betsjut "doarp". De nammen fan de terpen einigje guontiden op "um" wat dan fan komôf "hiem" hat. Under in "hiem" ferstie men in ôfbakene eigendomsgebiet. De measte nammen einigje lykwols op "werd", "ward" of "wierd" dat te meitsjen hat mei it tiidwurd wearen of warren. Wy moatte dan tinke oan ôfwar tsjin de see, dy't twaris deis it lân oerspielde en fan de terpkes lytse eilantsjes makke. Dy ûntginningsas is lange tiid de ienige sânwei west wer't de minsken har bylâns fêstigden en dan moatte wy hast altyd oan boeren tinke. Elkenenien foarseach yn syn libbenûnderhâld troch it hâlden fan wat fee. Oan de foarm fan de landerijen is te sjen dat it rjocht fan "opstrek", wat fan oare plakken bekind is, hjir ek golden hat. Dit hâlde yn dat men in lapke grûn by de wei lâns kocht en dan it rjocht hie om nei achteren ta, de djipte yn om samar te sizzen,  mear lân oan te meitsjen. Sadwaande binne de woeste feangrûnen nei it suden en noarden ta oanmakke ta greiden en bou.


    Al nei gelang dy landerijen fjierder fan it hiem en de wei ôfkamen te lizzen moast der paad hinne oanmakke wurde, heaks op de ûntginningsas. Sadwaande binne de loanen, reden en singels ûntstien bygelyks nei it suden ta û.o. de Singel, de Klynloane (om klyn op te heljen), de Bakkersreed, de Halereed, de Moarmerloane, it Fermanjepaad, de Dantumaloane, de Jehannes-Durksreed, de Reinou's reed en de Broekloane. Nei it noarden ta gie it û.o. om de Yndyksloane, de Koarndyk, de Moarmerloane, de Hoeksterloane, de Dantumaloane, de Tseard Foekesloane, de Blaulânsreed, de Tsjerkeloane, de Dinzerloane, de Koilkensloane, de Wâltersloane ensfh. De Moarmerloane, de Dantumaloane en de Wâltersloane waarden letter de ferbiningswegen mei Dokkum.


    Ieuwenlang fêstigden de boeren har allinne mar by de haadûntginningas del. Dit kinne wy noch goed sjen op in kaartsje út de Schotanus-atlas fan 1698. Ek op in kadastraal kaartsje út 1832 is te sjen dat der nei noch sa'n 130 jier net folle feroare wie op de Halen: noch mar inkelde hûskes en pleatskes. Wy kinne dus fêststelle dat de bewenning fan de Halen nei ± 1800 sa'n bytsje op gong kommen is. Dy earste bewenners wennen noch net sa fier fan de haadûntginningsas ôf en sille har dêrop oriëntearre ha. Nei ± 1850 naam de bewenning earst ta en ûntstiene der mear fan dy lytse karakteristike wâldhûskes mei lege muorren, yn't earstoan ek noch fan plaggen, letter fan stien en mei reiden kappen. Inkelde hat men ferpleatst nei it streekmuseum "De Sûkerei" oan de Trekwei yn Damwâld.
    It kin dan ek net oars as dat de Halepaden sa'n bytsje ûntstien binne tusken 1850 en 1950. Bern moasten rinne nei skoalle ta, de minsken besochten de tsjerken ek rinnendewei en boadskippen dwaan moast fansels ek rinnend. It leit dan foar de hân dat je de koartste wegen opsykje en dat wie dwersoer en troch de fjilden en by de boulannen lâns. Sa ûntstiene dus de Halepaden.
J.M. Minnema jout as ferklearring foar it wurd Hale dat it te meitsjen hat mei heljen, it binnenheljen fan it fee en de rispinge en oare saken, wannear't bûtewetter yn de moerassen en broeklannen ten suden fan de sânrêch omheech kaam. Krekt sa as by it wurd "werd" hat it dan in natuerlike-logyske oarsprong.

Bronnen: "Dantumadeel" van Herma v.d. Berg, "De Gritenij Dantumadiel" van Jacob Botke, "De Dokkumer Wâlden" van Teunis Eintes Teunissen, "De Moarmwâldster Hale" van Gosse Minnema.


Bloeitiid en delgong fan de Hale.


    Moarmwâld is altyd de lytste fan de 3 DAM-wâldes bleaun, wylst Ikkerwâld troch de tiid hinnee frijwol altyd de grutste wie. Dit nettsjinsteande it feit dat de minsken fan oansjen, sa as grytmanne, notarissen en oare notabelen Dantumawâld altyd as wenplak keazen.
    Omtrint 2/3 part fan de hiele Moarwâldster befolking wenne tuske 1850 en 1950 op de Hale. Foar dit folk waar der inIepenbiere Legere Skoalle stifte oan de Haadwei, neist it Halepaad. (Jakob Botke stie oan dizze skoalle as skoalmaster.)
    Oer de halepaden moasten de bern nei skoalle ta, fakentiids troch klaphikjes en oer sleatsplankjes en bitiden oer in blabberpaad. Dat wie meinammen by 't winter net sa bêst te dwaan. De befolking hie de skoalle dan ek graach op in oar plak ha wollen  mar it gemeentebestjoer sette troch. 
    Wat de sûnens oanbelanget barde der ek noch wol it ien en oar. Sa bruts yn 1902 de tyfus út op de Hale. Dat kaam fan it besmette pompswetter út de halepomp. Dy pomp wie in mienskipsfoarsjenning dy't de gemeente oan de Halereed slaan litten hie. Guon bern kamen te ferstjerren. Dat dit wetter besmet wie, wie in grutte tsjinslach, want hast elkenien wie der fan ôfhinklik. Der wiene wil wenten mei in eigen reinwetterbak mar fan in reiden tek kin it wetter net goed opheind wurde en by't simmer stie sa'n bak hast altyd droech. Inkelden hiene in eigen pomp. Ek tbc kaam noch alris foar. De pomp oan de Halereed waard ôfkard en der kaam in nije pomp op in plak krekt fjierder. Nei de Twadde Wrâldkriich hat men op de Hale noch jild ynsamle foar in nije mienskiplike pomp. Dy kaam der ek mar hat net lang mear tsjinst dien omdat der yn 1952 wetterlieding kaam.


     De minsken op de Hale wiene  poer-earm. As men gjin wurk krije koe wie der gjin ynkommen en wie men oanwiisd op de earmfâldij fan de tsjerke of it boargerlik earmbestjoer fan de gemeente. Under in soad betinksten krige men dan in lyts bytsje "steun". Sa mocht men der dan bygelyks gjin hûn mear op nei hâlde en as ien fan de bern wat fertsjinne waard dat fan de "steun" ynhâlden. It wie krekt genôch om net fan hûnger dea te gean. Yn sokke omstannichheden wurde minsken revolusjonair en rjochtsje har dan ta soksoarte partijen. Boargemaster T. Nauta hat wat dit oangiet in minne namme opboud omdat er net noflik wie foar wurkleazen. It is de tiid fan de opkomst fan de arbeidersfakorganisaasjes.
    Omdat de measte minsken in eigen grientetúntsje hiene foar de ferbou fan ierpels en griente wie it fakentiids winst om twa kear deis ierpels op tafel te setten mei in bytsje smoar. (= bistefet) Hast alle halebewenners wiene boere-arbeider, lânarbeider, ûngetider, ûntginner en sa wat hinne. Guon fûnen wurk yn it ôfgraven en ôffieren fan terpmodder. Soks betsjutte wol dat men by't winter gjin wurk hie as de froast yn 'e grûn siet en dus gjin ynkommen. De Hale wie yn feite it sintrum fan Ikkerwâld en Moarmwâld neist elkoar. Yn Damwâld en Wâlterswâld wie soks minder it gefal.


    De wegen en paden op de Hale bleauwen noch hiel lang ûnferhurde. Yn 1917 like it der efkes op dat de Halereed mei klinkers befluorre wurde soe, mar it duorre noch oan't 1954 ta foar dat it einlik in feit waard. De Lytse loane waard yn 1953 mei klinkers befluorre en dêrnei wie de Halereed oan bar. De namme waard doe "Haleweg" yn it Nederlânsk. Soks joech útstrieling no? Oare wegen en paden bleauwen noch lang ûnferhurde. Der wie in soarte fan "Haadhalepaad", wer't in hiel soad lytse paadtsjes op út kamen. Dat paad rûn benei lykop mei de Foarwei en kaam yn Wâlterswâld út. Der sieten tsientallen klaphikjes yn en "barten" om foar te kommen dat it fee út it lân komme koe. It rjocht fan oerpaad (it allemansrjocht) wie fanselssprekkend.
    Tusken de bredere wegen sa as de Hale reed, de Lytse loane en de Haadwei rûnen dan ek noch hiel wat lytse tuskentrochpaadtsjes. Faak kronkelich en oerwoekere mei toarnbeien, brânnettels en strûkjeguod, mar wol hiel idyllysk. "Moai sûnder weargea, wiene de wâlden."
     Wy kinne ús dy sfear fan destiids net goed mear foarstelle. Hjoeddedei wurdt de hiele natuer te liif gien mei meanmasines, kettingseachmasines en motorseinen, mei fergif en oar ferwoestend materieel. Doe bleau alles groeien en bloeien oan't de winter kaam en de planten natuerlik ôfstoarne, neidat se earst noch sied oanmakke hiene.  De rykdom oan planten wie enorm as wy Jacob Botke leauwe meie.
    De karakteristike lytse wenninkjes op de Hale ferkearden fakentiids yn erbarmelike omstannichheden, sa botte slim sels dat it gemeentebestjoer regelmjittich in wente ta "onbewoonbaar verklaarde woning" ferklearre. Sokke tiden koene de minsken sels mar om oar ûnderkommen sykje. Dit soart wenninkjes ha it noch lang folhâlden. Om 1970 hinne bestie de Hale noch altyd foar in grut part út sokke reiden wenninkjes. Dêrnei binne se yn rap tempo ferdwûn en ferfongen troch bettere en gruttere huzen, mar gjin karakteristike wenten mear. De wolfeart naam ta, earst net sa hurd, mar nei de Twadde Wrâldkriich dûbelop. Dat betsjutte yn feite it ein fan de Hale, want alle wegen waarden ferhurde, der kaam better ferfier: elkenien koe in fyts keapje en guon sels in auto. De Halepaden waarden dêrbei oerstallich en kamen yn ferfal. Mei dat men in soad wegen ferhurde wie der sân nedich en wêr koe men dat better fine as ûnder de sânkoppen fan de Halen?


    Fanôf 1939 gie it hieltyd hurder mei it fergraven fan de Halen. De pier yn Holwerd moast langer wurde en ek dêr waarden autofrachten fol sân hinne riden. Sa waarden hast alle Halen fan Ikkerwâld oan't en mei Wâlterswâld fergroeven. De teelierde kaam wer oer de ûnderlaach hinne op de liemlaach, mar wol op in meter djipper. Hjir en dêr steane noch altyd inkelde hûskes op de oarspronklike hichtes as monuminten yn de tiid.
    Yn 1964 kaam de ruilferkaveling. De lytse haleboeren hiene har lân hjir en dêr te lizzen en wiene in soad tiid kwyt mei it hin en wer reizgjen. Op inisjatyf fan de oerheid koe der ûnderling ruile wurde sadat elk syn lân ticht by de doar krige en oanelkoar lizzend. Dat wie foar de boeren gâns in ferbettering, mar it betsjutte ek dat it no mar in lytse muoite mear wie om de sleatten der tuskenút te heljen en de landerijen te fergrutsjen. Dat barde op hieltyd gruttere skeal en sadwaande gie it karakter fan de wâlden grutdiels ferlern. It kûlisselânskip waard almar trochsichtiger en holler en hat op dit momint net folle mear fan destiids.


    As kompensaasje waarden der doe perselen oankocht wer't bosk op oanplante waard. Wol moai fansels mar it hat neat karakteristyks mear. De oarspronklike wâlden binne dêr mei net werom te krijen.  Dat ôfbraakproses giet noch altyd slinkslûpende -wei troch: noch altyd ferdwine der beamwallen en wurde sleatten tichtsmiten en de perselen wurde almar grutter. Ek de lêste halepaadtsjes wurde hieltyd minder brûkber. It grutste part fan de wâlden is spitigernôch ferdwûn troch de wentebou en net troch de boeren.
    Wolle de boeren noch in ynkommen út buorkjen helje dan moatte se noch grutter wurde en dat kin yn it kûlisselânskip net mear. Boeren mei fyzje binne dan ek allegear ferhuze nei de bûtenrânen fan it wâldlânskip ta. Elkenien hat no kuierpaden heech op it ferlanglistje, mei it each op rekreaasje en doarpsfoarsjennings. Miskien dat de lêste stikjes fan it oerâlde wâldlânskip dochs noch in kâns krije.

Bronnen: "De Moarmwâldster Hale" van Gosse Minnema.
Tseard Rintjema.







Geen opmerkingen:

Een reactie posten