De S.H.H.

Herstel Halepaden.

Untstean.

Al sûnt mear as 40 jier is der yn allerhanne plannen sprake fan dat de halepaden, (as wat der dan noch fan oer is,) bewarre bliuwe moatte. Spitigernôch ferdwynt der dochs hieltyd mear.
Guon politike partijen hawwe  yn it ferline alris prebearre om it wer yn oarder meitsjen oan te pakken. Elke kear wer strandde de poging. No docht "Lagere Lasten Dantumadiel" in poging en mei it net wer mislearje. Om de politike kleur der ôf te heljen is de Stichting Herstel Halepaden yn it libben roppen! Mei finânsjele stipe fan de "Stichting tot Bevordering van Culturele en Sociale Belangen te Damwoude e.o." koe de Stichting Herstel Halepaden oprjochte wurde.  "De Sûkerei" koe der sa komme  en wêrom soene de Halepaden dan net werom komme kinne? De omstannichheden binne yn elts gefal geunstiger as ea tefoarren: allerhanne plannen sprekke oar de needsaak en de winslikheid om kuierpaden oan te lizzen en dus ek om de Halepaden te bewarjen.


Doel.

De Stiching Herstel Halepaden stelt harsels ta doel om de âlde halepaden rûnom de Dokkumer Wâlden wer safolle mooglik yn eare te herstellen. Wer't dat net mear mooglik is siket hja om alternative oplossings sa as oer skoupaden fan Wetterskip Fryslân. Dy skoupaden binne yn behear by Staatsbosbeheer.
Dêrneist wol se mear kuierpaden rûnom de doarpen ha. Ek dêrta binne mooglikheden oer de skoupaden fan it Wetterskip en troch en bylâns de boskoanplantstroken. Staatsbosbeheer wurket graach mei  de Stichting Herstel Halepaden gear om moaie rekreative kuierpaden troch en rûnom de "Dokkumer Wâlden" oan te lizzen. In oanset is der al makke. Landschapsbeheer Friesland yn Beetstersweach is de ynstânsje foar adfizen en subsydzjes en wurket ek graach mei ús gear. Ek mei "Landschapsbeheer Friesland" binne al petearen west. Yn it lêste plak moatte wy de Gemeente Dantumadiel net ferjitte: op oantrún fan de wethâlders Bos en Hylkema is de Stichting yn libben roppen en in webside iepene.   

 
De Stichting is yntusken (2013) opgien yn de Stichting De Sûkerei fanwege lyksoartige doelstellings sa as it behâld fan kultuer-eleminten yn Dantumadiel.

mailadres: halepaden@mail.com









Geen opmerkingen: